Linepraatsjes

Pastorale zorg

1 mei 2024

Het is al meer dan een jaar dat de Hervormde gemeente Reduzum-Idaerd c.a. geen vaste dominee meer heeft. De kerkenraad krijgt in plaats daarvan begeleiding van ds. Ulbe Tjallingii die gevraagd is als consulent. Deze is ook beschikbaar als jullie om welke reden dan ook geestelijke ondersteuning nodig hebben. Maar ook Jelly van der Zijl is beschikbaar voor pastorale hulp. Praktische info

Dodenherdenking Reduzum 4 mei

30 april 2024

Het oorlogsmonument is door TDS leerlingen vorige week schoongemaakt. Onze dorpen herdenken bij de Vincentiuskerk in Reduzum op zaterdag 4 mei allen – burgers en militairen – die in het Koninkrijk der Nederlanden of waar ook ter wereld zijn omgekomen of vermoord; zowel tijdens de Tweede Wereldoorlog en de koloniale oorlog in Indonesië, als in oorlogssituaties en bij vredesoperaties daarna. Even voor 20 uur zullen Suze, Fedde Tabe, Jurre en Gitano het bloemstuk leggen en na de twee minuten stilte gaan Ymkje, Fetsje en Suze gedichten voorlezen.

Versmarkt in Reduzum

29 april 2024

Neidat der dit jier start is yn Wytgaard, is de Versmarkt 3 maaie werom op it âlde stee. Op it pleintsje fan Iel en Mear, oan it Swin 9, steane fan 14.00 oant 17.00 de kreammen wer klear mei allerhande (h)earlike produkten. Oant sjen op 3 maaie, sa as jim wend binne stiet de kofje en de tee klear (en is dit ek noch fergees).
De Versmarkt is eltse kear op de earste freed fan de moanne, útsein de moanne augustus.

Pimels en poeskes

29 april 2024

Ymkje Bouma sit yn it fjirde jier fan de keunstakademy en op it stuit hat se in eksposysje yn Ljouwert. De tentoanstelling is makke rûnom it tema ID/Identiteit. De subtitel, wêrmei't se sneon op Omrop Fryslân wie te hearren, is Pimels en Poeskes. De útstalling, mei ûnder oare wurk fan Ymkje, is oant en mei snein 5 maaie te besykjen op de keunstakademy yn Ljouwert (Grinzerstrjitwei 354) en is iepen tusken 12.00-16.00 oere. 

Marije wrâldkampioen beachkuorbal

28 april 2024

Marije Visser is mei it Nederlânsk beachkuorbalteam wrâldkampioen wurden. It team spile de finale tsjin Taiwan en wûn mei 7-4. Yn de kwart- en heale finale waarden België en Tsjechië ferslein. Lokwinske Marije!

It keatsseizoen is los!

28 april 2024

Mei prachtich keatswaar waard juster de Keningspartij 2024 spile. In wedstriid mei lytse en ien mei grutte/sachte bal. In protte wille en striid. In boppeslach foar de dielnimmers, publyk en feriening!
Mei tank oan de sponsors SF Bouw en Van der Meulen Installatietechniek.
En by de KNKB behellen Trynke en Lars harren twadde krâns fan dit wykein.
2024 - Kaatsvereniging Jan Reitsma Reduzum

Alvestêderiders yn de prizen

27 april 2024

Musical De Tocht wie woansdeitejûn de grutte winner by de Musical Awards 2024. Mei 69% fan de stimmen wie de publykspriis foar harren. Yn de Linepraat stiet in moai ynterview mei twa riders: Rieneke en Edwin.

Op nei Keningsdei

26 april 2024

Foar de skoalbern binne der op de dei foar Keningsdei de tradisjonele keningsspelen. Mei dit kear op it plein foar de ûnderbou âld-Hollânske spultsjes, foar de oare bern op it sportfjild sportclinics. Keatsen, fuotbal, reedride en kuorbal. Middeis wie der noch in foksejacht troch it doarp.

Spylskema WK beachkuorbal

25 april 2024

Marije Visser docht dit wykein mei oan it WK beachkuorbal yn Tailân. It team traint al in skoft yn Aalsmeer om har ta te rieden op it WK. Dit toernoai tsjinnet as kwallifikaasjetoernoai foar de Wolrd Games fan 2025. Fia dizze link komme jim by it spylskema: IKF World Beach Korfball Championship 2024.

Alle wedstriden binne fergees te folgjen fia livestream kanaal ikfchannel - YouTube.

Frij keatsen en muorrekeatsen

24 april 2024

Op freedtejûns wurdt der muorrekeatst. Dit start om 19.00. Willem Fopma (06-15115421) is de ‘muorre-lieder’. Stjoer in appke nei him en do kinst ek meidwaan. Of rin gerêst del en slút dy oan.
Nij dit jier is dat elk op freedtejûn frij keatse kin. Fan 18.30 ôf dogge we de doar iepen en lizze wat lyntsjes del foar de leafhawwers. Ek asto noch net goed keatse kinst, of bygeliiks dyn buorman of buorfrou wol wolris oefenje: nim him/har foaral mei en kom in baltsje slaan! www.kaatsverenigingjanreitsma.nl




Vr. 3 mei

Za. 4 mei

Zo. 5 mei

Ma. 6 mei



Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie