Linepraatsjes

Samen koffiedrinken

7 augustus 2026

Al jaren is er op de tweede dinsdag van de maand koffiedrinken in het lokaal achter de kerk. Ook tijdens de zomer gaat dit gewoon door. Misschien is dit juist de tijd om eens te komen kijken nu juist veel mensen op vakantie zijn en u behoefte heeft aan een praatje of wat gezelschap.
Op 11 augustus staat om 10 uur de koffie voor u klaar.

De grootste helden wonen gewoon om de hoek

6 augustus 2026

Misschien denk je meteen aan die buurvrouw die helpt de buurt groener te maken. Aan de vrijwilliger die zich iedere week met hart en ziel inzet voor anderen. Of die organisatie die zich sterk maakt voor gelijke kansen en een duurzame toekomst. Grote of kleine gebaren: samen maken zij de gemeente Leeuwarden elke dag een beetje mooier. Juist zij verdienen erkenning voor hun inzet. Ken jij een echte lokale held? Nomineer diegene dan vóór 30 augustus via heldendag@leeuwarden.nl.

Op syk nei Nemo

5 augustus 2026

It hiele merkewykein kin der socht wurde nei Nemo! Mei de Merke wurde hints jûn op it merketerrein. Hasto Nemo fûn? Leverje dy dan foar snein 20.00 oere yn by de yntree en ûntfang in moaie priis. In soad sukses en speurwille!

Freule

4 augustus 2026

Op de Freule in Wommels strijden 43 parturen om de zilveren Villa van de Freule. Rindert Douma, Jesse Moos en Niels van der Weij mogen namens Reduzum de strijd aangaan op deze bijzondere kaatsdag. De Freule is voor veel jonge kaatsers een prachtige ervaring en een dag om nooit te vergeten. Samen kaatsen, strijden voor elk punt en genieten van de sfeer en alle supporters langs het veld. Wij wensen Rindert, Jesse en Niels heel veel succes! Zet hem op, speel met plezier en geniet vooral van deze mooie en bijzondere dag.

It prikboerd

3 augustus 2026

Noch altiten is it prikboerd ien fan de meast besochte siden fan Reduzum.com en it wurket faak as in tierelier. Sykje jimme bygelyks nei goedkeape oanbiedingen, as ha jo wat ferlern. Faaks hawwe jimme sels noch oertallich guod wat jimme wol kwyt wolle. Sjoch dan ris op it prikboerd.

Ut fytsen

2 augustus 2026

Sit der al wer genôch lucht yn de bannen? De fytsklup giet der 12 augustus wer op út. En jim kinne meifytse. Se gean om 10.00 oere fuort. De ôfstannen binne dizze dei ûngefear 35 oant 45 kilometer en de groep stekt fansels ûnderweis ek efkes oan.
Opjaan yn ’t foar is net nedich, elts dy’t graach fytse mei, is wolkom! Start by it kafee.

Emailadres Linepraat

1 augustus 2026

Geregeld komme der teksten, dy't bedoeld binne foar de Linepraat, terjochte by Reduzum.com. It mailadres wie dêr debet oan. Alle post, dy't foar de Linepraat ornearre is, sjocht de doarpskrante graach temjitte op harren nije mailadres: redactie@linepraat.nl.
De Linepraat komt op freed 4 septimber. De uterste ynleverdatum is dan freed 21 augustus om 12.00 oere.

Foar ús webside is it adres redactie@reduzum.com.

Hyt? Dan dochst krekt as dizze ko

31 juli 2026

It wie juster in echte simmerdei yn Reduzum, Idaerd en Friens. Wylst de skiep rêstich stean bliuwe yn it lân, socht dizze ko de ferkuolling op yn in sleat fan Friens. In moai oantinken dat net allinnich minsken, mar ek bisten wol wat ôfkuolling brûke kinne op sokke waarme dagen. Genietsje fan 'e simmer. (Foto Sietske Hijlkema).

Doch mei oan de grutste útdaging fan de merke

30 juli 2026

Wa wurdt dit jier de kampioen fan de merkeseiskamp? Op sneon 5 septimber barst de striid los yn Reduzum! In middei fol gekke opdrachten, sportiviteit, laitsjen en fansels in soad wille. Foarmje in ploech fan acht persoanen, jong of âld, buorlju, freonen, elkenien kin meidwaan. It giet net allinnich om krêft of feart en faasje, mar foaral om gearwurking. Wachtsje net te lang! Meld dyn team oan foar 24 augustus fia: "rfi.merke@gmail.com" of belje 06 1754 2589. Wa daagje jimme út?

De temperatueren fleane wer omheech

29 juli 2026

Tink op dizze waarme dagen goed oan josels en inoar. Drink genôch wetter, sykje sa no en dan it skaad op en lit gjin bern of bisten allinnich yn in waarme auto. Ferjit ek de fûgels en oare bisten net: in bakje wetter wurdt tige wurdearre! In frisse dûk jout ôfkuolling. Swim wol feilich en drink ek dan genôch.




Vr. 7 augustus

Za. 8 augustus

Wo. 12 augustus


Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie