Autoskea
Fannemoarn rûn 7.45 oere ried Marco Zijlstra yn ‘e auto oer de Ayttawei it doarp yn. Tusken de famylje Fennema en De Jager kaam er inkele auto’s tsjin dy’t út it doarp wei kamen, warskynlik rjochting it wurk. De foarste fan in rige fan 4 as 5 auto’s rekke Marco’s bûtenspegel. Graach wol hy witte as immen dit sjoen hat as at dyjinge it ek fernaam hat. Nim dan kontakt op mei 602434.