Bekerwinst foar TDS
Juster in topprestaasje foar kuorballers fan de Trije Doarpen Skoalle. Fiif fan de sân teams dy’t meidiene oan de foarrondes yn Grou, kamen mei in beker thús. Dizze teams út de midden- en boppebou dogge op 1 juny mei oan it Frysk kampioenskip skoalkuorbal.