De Argyfgroep giet wer los!
4 novimber is de earste jûn fan dit winterskoft dat de argyfgroep wer bijinoar komt yn skoalle. Fanôf sân oere, oant healwei njoggenen.
It Frysk Film Argyf hat foar harren alle fideobannen digitalisearre en ynkoarten sil dit op DVD en externe hurde skiif te bewunderje weze.
Binne jim nijsgjirrich nei wat der allegear yn argyf leit? Elts is dizze jûn wolkom!