De flagge kin út foar Jeroen en Lutske
Troch in wiziging fan de bedriuwsfoarm, fan ienmanssaak nei in vof, moast der troch Jeroen en Lutske van Dijk in fernijde alkoholfergunning oanfrege wurde. Hjirop binne út it doarp wei beswieren kaam (sjoch Linepraat juny en july). De gemeente Ljouwert hat alle beswieren tsjin cafe bar de Welp ûnbegrûne ferklearre. De fergunning bliuwt sa as dy wie. It terras is oant 00.00 oere iepen en it kafee is op freed en sneon iepen oant 05.00 oere. Dus…ek de kommende jierren bliuwe jimme wolkom by Jeroen en Lutske!