De Freule
Sneon 19 septimber sil lang om let dochs de Freule ferkeatst wurde yn Wommels. Troch it coronafirus koe dizze wichtichste keatspartij foar jonges yn de leeftiid fan 14 oant 16 jier, net trochgean op de gewoane datum. Foar Reduzum stean Leon Sjoerdsma, Simon Sjouke Zijlstra, Jitze Miedema op ‘e list.
De Freule is fia livestream te folgjen op knkb.nl. Fanôf 15.00 uur is it live ferslach fia it TV kanaal fan Podium TV.