De heksekring

18 sep. 2010 – Gjin heksen mar wol in echte heksekring. Troch it reinige waar fan de lêste tiid fleane de poddestuollen út de grûn. Oan de Legedyk is sûnt in skoftke in heksekring te finen. In ûndergrûnse swamflok soarget der foar dat de poddestuollen yn alle rjochtings like fier útgroeie.