De toan is setten
Mei it winnen fan de nedige prizen is de toan setten dit earste keatswykein. Sneon wie de Onderhouds- en timmerbedrijf Arie Broekstra Keninginne ledenpartij. En snein koene ferskate leden fan KV Jan Reitsma by KNKB-wedstriden oan de bak. Mei as gefolch dat der rûnom wer krânsen hingje.