Dôchs in diploma
It hat noch hiel wat switdrippen koste. Mar hjoed koe Jehannes Posthumus dan dochs syn Havo-diploma ophelje. Skoalle hat grif grut fertrouwen yn him hân. Hoewol er sakke wie, stie hy foarige wike as slagge yn ’e krante. Mar nei in hereksamen koe der dan einlings syn hantekening sette.