FeRs 2007

Tanje van Lingen hat foar de Trije Doarpen Skoalle nei FeRs 2007 west yn de Lawei yn Drachten. Op dizze foardrachtskriich foar basisskoallebern die sy it gedichtsje Soere Sûpenbrij fan Gerrit Baarda. Tanje die it hiel moai, mar foel net yn de prizen. Wol wie in lyts stikje fan har foardracht te sjen op Omrop Fryslân.