Flatsoadsje
It wie alles behalve in soadsje yn De Welp dit wykein. Yn in prachtich dekor mei streamend wetter en moaie lûdseffekten waard der sterk spile troch de ploech fan ROTO. Yfke Terpstra en Lútzen Zijlstra hiene de haadrollen. It publyk joech in steande ovaasje. It oardiel fan de karkommisje wurdt noch ôfwachte.