Foarjierstoernoai tennisferiening Stânfries

Op snein 15 april, om 10.00 oere wurdt op’e tennisbaan fan Reduzum wer it foarjierstoernoai spile. Oan dit toernoai kinne leden, âld leden en ek net-leden fan ús feriening meidwaan. Dus elts wa’t nocht hat om in baltsje te slaan, graach opjaan foar 10 april, 19.00 oere bij Tjitske Spijkstra, til. 601819.