Freed Versmarkt

Kommende freed 5 juli is it wer de earste freed fan de moanne. Dat betsjut dat der wer in Versmarkt wêze sil middeis fan 14.00 oant 17.00 oere op it pleintsje foar by winkel Iel en Mear fan Ale de Jager, Oan it Swin 9.
De winkel fan Iel en Mear is alle freeds en sneons iepenen fan 10.00 oere oant 17.00 oere. Jimme kinne dêr terjochte foar rikke iel, rikke salm en rivierkreeft. Dêrneist is der yn it seizoen ek stoofiel, bakiel en snoekbearzen yn it assortiment.