Friens siket doarpshûs behearders

Pleatslik Belang Friens siket foar it doarps- en wenhûs ‘It Lokaeltsje’ oan de Van Sytzemawei 4 : Entûsjaste behearder(s). Friens hat in gesellich en aktyf ferienigslibben. Benammen yn it winterskoft sil de behearder efter de bar stean, de ynkeap fersoargje en it Lokaeltsje it skjinhâlden. It doarps- en wenhûs binne ien. De behearder wennet yn it wenhûs. Mei de opbringsten fan it doarpshûs kinne jo de wenkosten betelje. Dizze funksje is dan ek goed te kombinearen mei in (parttime) baan.