By jûn útfûn

De kaartklup út Friens BJU (By Jûns Utfûn) is rom 60 jier lyn oprjochte en is ûntstien út in damklup. Der waard al kaart, mar om’t je eartiids allinnich as damklup in subsydzje krije koene fan 100 gûne waard der in damklup oprjochte. 


Yn it winterskoft binne se yn Friens eltse tiisdei te jûn oan it skutjassen. Schutjassen – Wikipedia
Yn de measte gefallen binne der trije tafels wêr striden wurd, wa as earste de boom fan 15 streekjes behellet. It is in machtich moai spultsje, wêr we alle wiken wer nei út sjogge. Trije spultsjes wurde der spile. Wannear der wûn is, krije de spilers in punt. Ein maart is de lêste kear en wurde alle punten op telt.

Dat soarge foar de folgjende útslach.
Rein Fluitman is de bêste mei 51 punten.
Age Tjalma is twadde en Arjen van Balen tredde.

  1. Rein Fluitman 51
  2. Age Tjalma 48
  3. Arjen van Balen 46
  4. Taco Veldstra 41
  5. Peter Galama 40
  6. Abe tjalma, Remmelt Hoekstra & Rijk van Dijk
  7. Clazina van Balen 31
  8. Anne Okkinga & Bonne Hijlkema 28
  9. Ronald vd Meulen 27
  10. Johan Bergsma 26
  11. Maurtis Zeinstra 24
  12. Jeroen Koopmans 7
  13. Jeroen van Dijk 7

Johan soarget foar de kofje en Age foar in hapke by de buorrel.
Mei de kryst en nei de lêste partij krije alle leden ek noch in hearlike rollade. 

Jeroen Koopmans kin troch syn wurk der faaks net by wêze, Jeroen fan Dijk ha we in pear kear skille om in fjirde tafel rún te krijen. En Bonne moast in oantal kearen misse yn ferbân mei syn sûnens. Mar is der gelokkich wer by!

We ha wer in moai seizoen hân.