Gastâlders slagge foar diploma

De measte bern fan middelbare skoallen binne dizze wiken noch drok mei de eksamens. En dan wurdt it wachtsjen op de útslach. Twa gastâlders, Lies van Eenenaam en Ingrid de Jong, moasten ek mei de noas yn de boeken. By har koe foarige wike de flach út. Beiden binne slagge foar Helpende Soarch en Wolwêzen.