De Haak in haakt aan

Op de ynfomiddei fan septimber 2015 binne de Vrouwen van Nu los gong mei Granny squarres haken foar de Grootste gehaakte deken van de wereld.
Op woansdei 21 oktober fan dat jier ha we us earste Haak-inn holden. It earste jier by Blijke yn de winkel, mar fanôf dit seizoen yn húskeamer ferbân. Om bar by in oar thús.Net allinnich leden fan de Vrouwen van Nu kamen del, ek oaren. Tige gesellich, elk mei in eigen haakwurkje of wat oars.
Die winter binne der in soad haakte lapkes (en boltsjes jern) troch bewenners fan Reduzum e.o ynlevert. Hjir binne yn totaal seis tekkens fan makke.