Historie
Histoarje Idaerd/Eagum
It moat sa gien wêze, dat de frij fêste klaaigrûn – boppelaach der ta bydroegen hat, dat der in goed begeanbere ferbining makke is fan Reduzum nei Idaerd. Dit hat der ta bydroegen dat de ferneamde Grytmannen harren nei wenjen setten yn Idaerd, ien fan de lytste doarpen fan Idaerderadiel (oan’t 1984 ta), dêrnei Boarnsterhim en no (fanôf 2014) gemeente Ljouwert.
Mar histoarysk besjoen lang net de lytste. Der hawwe tiden west, dat it de sit wie fan it gritenijbestjoer. Dêrom de namme Idaerderadiel, dat is: it diel fan Idaerd. En Idaerd is dan wer gearstald út de namme Iede of sa‟t it earst wie: Eda en werd, wat hjir wol terp wêze sil. De terp fan Eda is der net mear, teminsten net yn syn hear en fear. De tsjerke en in stikje fan „t doarp steane noch op in oerbliuwsel. De toer ( yn Roomske tiden tawijd oan de froulike hillige St. Gertrudis) is boud yn ‟e 15e ieu. De tsjerke fan 1774 is bekend om syn seis brânskildere ruten (glêzen ) makke troch de bekende keunstner Ype Staak en om de roubuorden as oantinken fan Karel van Roorda en ien fan de fan Scheltinga‟s, bewenner fan Friesma-state. Doe‟t yn de besettingstiid de beide klokken út „e toer moasten, die bliken dat de grutste klok 470 kg swier wie en dat der in opskrift opstie: “Jvrien Balthasar. Heft my ghegooten 1658”, mei it wapen fan “Carel van Roorda, Grietman over Idaarderadeel”. Grif deselde fan de roubuorden. Friesmastate stie oan de noardkant fan Idaerd. Yn 1882 is it mei de grûn gelyk makke. Cornelis van Scheltinga ferkocht op 26 novimber 1763: 250 abelen , esken en eken beammen. Tink jim ris yn, hoe‟n bosk as der doe oan ‟e dyk nei Tsjaard opriisde.!
Yn de rin fan de jierren hat Idaerd him ûntwikkele nei dat wat it no is. Yn de oarlochstiid wie ‟t in, mar fan ien kant te berikken doarpke, in moai plakje foar ûnderdûkers. It oansjen is yn dy tiid wol wat keal wurden, want de iperen beammen binne doe omseage foar brânhout. Yn 1941 is de gersdroegerij oprjochte, men tocht foar tydlik, mar hy hat mear as 50 jier bestean kinnen. Yn de fyftiger jierren is de Hôflânswei oanlein, sadat Idaerd ferbining krige mei Grou. Ek binne der yn dy jierren inkele huzen byboud. Yn 1966 nochris 6 nije huzen en wie Idaerd neffens de gemeente fol.
Begjin 1960 kaam de Rykswei 32 neist it spoar te lizzen en hienen Idaerd en Eagum in direkte ferbining Noard – Súd. Foar de skoalbern is doe de skoalbus der kommen, it waard te nuodlik oer de ferkearsdyk. 1978 Idaerd krijt djiprioel en de Friesmawei wurdt opnij ynrjochte, breder en mei in stoepe en strjitnammen. De middenstân: twa winkels, in bakker en de turfskippers hâlde der yn de sechstiger jierren mei op. Dat Idaerd dwers op it Easten leit, hat it doarp witten yn febrewaris 1979. Trije dagen opsluten yn de snie.
De agraryske sektor hat yn de 80 en 90 „er jierren in grutte fear litten. Wiene der nei de oarloch 18 grutte en lytse buorkerijen yn de kontrijen Eagum- Idaerd en it Hôflân, it binne der no noch mar 5 dy‟t yn bedriuw binne. Yn 1989 wurdt Rykswei 32 ferdûbele. De direkte ferbining mei Ljouwert as it Hearrenfean is fuort. De ienriedigens fan it doarp en it belang fan de Gersdroegerij ha der foar soarge, dat der op 3 oktober 1990 in tunnel iepene wurde koe en de ferbining mei Reduzum behâlden bliuwt. Yn de 90 jierren noch twa nije huzen derby en wurdt It Lokaal ferboud en útwreide.
Mei it yn 2003 oanleine parkearplak by de tsjerke en yn 2006 de oanlis fan in Jeu de Boulesbaan is Idaerd wat it no is: “In noflik plakje om te wenjen”.
De histoarje fan Eagum giet fier werom. Hoe is de namme ûnstien. De wol bekende hear Oepke Santema hat dit útsocht. De stam is Eag, Agh en Ag, um is it taheaksel en betsjut heem of him en dat doelt op terp. It is yn ferskillende skriuwwizen brûkt, n.l.:
ñ 1450 Popke Haringha to Aegum
ñ 1470 Sywurd (sjoerd) to Aghim
ñ 1478 Sywerd Kamstra to Aghem.
Eartiids lei Eagum oan de Wergeastermar. Dat wie yn dy tiid ien fan de grutste boarnen fan ynkomsten. Sels yn 1622 waard der noch it folgjende oerskreaun:
“Vischrijk meerken genaemt Warrega Nijemeer, daer men secht gevangen te worden de beste visch van Vriesland.” Yn 1634 beslút men de mar droech te lizzen. De Eagumers en Wurdumers waarden bedrige yn harren bestean. Op in nacht, wylst de mar al moai droech lei, setten hja mei de lodde nei de polderdyk en groeven dy troch. Alles strûpte der wer ûnder. It wie mar útstel, want in jier letter wie de mar definityf droech. Dochs moatte de keapmannen Paulus Jansz Cley en Wilhelm Cley, dy‟t it droechlizzen útfierd hawwe, wol niget oan dy Eagumers hân hawwe, want hja lizze beide yn de toer fan Eagum begroeven.
De toer fan Eagum hat al ferskate dingen trochstien. De tsjerke dyt der efter stie is yn 1777 ôfbrutsen. Hy wie sa min, dat it net mear fertroud wie om nei de preek te harkjen. It jier dernei stie der in nije tsjerke. Dizze hat it net lang makke, der kaam suver gjin folk mear yn tsjerke. Yn 1838 is de tsjerke foar ôfbraak ferkocht. Yn de Pein ha se der in kafee fan bouder kaam suver gjin folk mear yn tsjerke. Yn 1838 is de tsjerke foar ôfbraak ferkocht. Yn de Pein ha se der in kafee fan boud.De klokken fan Eagum bleaunen behâlden. Dy soenen se in skoftsje letter hurd nedich hawwe.Yn 1890 ferstoar Kening Willem III. Salang as de kening boppe de grûn stie, letten alle deaklokken op fêste oeren fan de dei, sa ek yn Idaerderadiel. Allinnich Eagum hie men fergetten hjir berjocht fan te dwaan.De Eagumers rêden hjirmei. Se begûnen in oere earder al om acht oere te lieden, en rêsten as de oaren lieden. Sadree as dy swijden, setten de Eagumers wer útein.
Eagum it middelpunt fan de wrâld. Trije hoannestappen fan de toer leit in tegel, dat is it middelpunt fan ‘e wrâld en wa ’t net leauwe wol, mjit it sels mar nei.
Der is in siswize: “ It is Eagumer merke ”. Dat is, as it reint en tagelyk de sinne skynt.