Boeken en puzzels ruilje
*Boeken en puzzels ruilje yn ‘It Lokaal’ Idaerd*
Op sneontemiddei 15 april kinne jimme by ús yn ‘It Lokaal’ delkomme fan 15.30 oan’t 17.00 oere.
In boek foar in boek
In puzzel foar in puzzel (Puzzels leafst 1000 stikjes) Gjin bernepuzzels.
Der is gelegenheid om in kopke kofje of thee te drinken.
Om in lytse begjin foarrie oan te lizzen binne der miskyn wol minsken dy’t wat boeken kwyt wolle sûnder ruiljen, dan hearre we dat graach. Dy kinne op ôfspraak oanlevere wurde yn ‘It Lokaal’.
Idem puzzels, mar de foarrie moat net te grut wurde. Oars dan moatte we nei ôfrin tefolle boeken en puzzels opslaan.
It doel is om dit barren werom komme te litten nei de simmer.
Freonlike groetenis,
Kommisje Doarpshûs,Annet, Gees en Akke