In board fol behoefte
It bart noch hieltyd. Oerlêst fan hûnestront. De hûn kin der neat oan dwaan. Dy moat syn behoefte kwyt. Mar it is de baas dy’t it efkes opromje moat. In bewenner fan de Haedstrjitte makket it de eigner fan in hûn wol hiel maklik. Hy hat de ‘ferlerne behoefte’ foar him op in panne lein. Fergees ôf te heljen!