In frije middei
In leech skoalplein. De masters en juffers binne drok yn petear oer de foarderingen fan ‘har bern’. Deselde bern stean oan de kant fan it wetter te fiskjen. En binne yn petear oer de masters en juffen dy’t har in frije middei jûn ha.