In muzikale reis oer de wrâld

As lyts jonkje fan trije jier siet Jelle van Marrum al efter it oargel. No bespilet er, sa as er sels seit, de Rolls Royce ûnder de elektroanyske oargels. Dizze oargelfirtuoas nimt jim sneontemiddei yn ’t Lokaal mei op in muzikale reis, fan Fryske grûn oant yn it Dútske wâld.
Elts is sneontemiddei om 14.00 oere yn ‘t Lokaal wolkom om te genietsjen fan dit minikonsert.