In wakend each

Dizze guos hâldt as in wakend each it ferkear dat oer de Snitserdyk rydt yn de gaten. Nei’t jierren ferlyn de partner fan dizze guos ferstoar, hat er net mear fan dat plak ôfwest. No sit er dei yn, dei út, yn de sleatswâl fan de Tsienzerbuorren te wachtsjen. In moai stealtsje fan bisteleafde.