It giet oan

De nachtfroast fan fannacht hat der foar soarge dat der by it sportterrein al in moai iisflierke leit. De basisskoalle bern kinne har fanôf moarn klear meitsje foar in soad iiswille. Mar ek rûnom de baan is der fertier. Moarn giet de iisbaan iepen !