It hazzepaad

Sneintemoarn makke dizze hazze in kuierke troch Swinlân. Faaks wie der dit wol went doe’t er noch gjin huzen stiene. No wachtet de hazze kreas foardat hy de strjitte oerstekt om troch de foartunen te huppeljen, en nimt dan it hazzepaad.