It nôt is ryp

By de Okkinga’s oan de Swette binne se drok dwaande om de rispinge fan it fjild te heljen. Grutte masines binne dêr it winterweet oan it teskjen. Mei it teskjen wurde de nôtkerrels derút helle. Fan wat der dêrnei noch fan oerbliuwt, wurdt strie perst.