Keningsspelen

Ek yn Reduzum ha de bern fan de TDS en de pjutten mei dien oan de ‘keningsspultsjes’ . Spitigernôch wurke it waar net mei mar de wille wie der net minder om. Earst ha de bern mei syn allen in moarnsbrochje iten en doe hienen se allegearre krêften genôch om de spultsjes te dwaan.