Der sit muzyk yn Vrouwen van Nu
De Vrouwen van Nu komt wer út de ‘simmersliep’. Hoewol, stilsitten ha de froulju net fansels, der is û.o. fytst, kuiere en der waard swommen. En no gean se swingend fan start op sneontemiddei 23 septimber. It wurdt in muzykmiddei, de pick-up stiet klear. Hawwe jim noch in Lp of singel mei favorite muzyk? Nim it mei!
Bisto net lid fan de Vrouwen van Nu, mar liket it dy leuk om ris del te kommen? Do bist fan herte wolkom op dizze middei yn it Lokaal oan Ayttawei.