Oaljebolle-aksje 2008
Sneon 27 desimber komme de minsken fan Doarpsbelang wer lâns om de bestelling op te nimmen. Sy hawwe yn de oanbieding: lekkere oaljebollen, lekkere krintebollen en lekkere appelbollen. De oaljebollen kostje € 4,50 (8 stiks yn in pûde) De krintebollen kostje € 4,50 (8 stiks yn in pûde) De appelbollen kostje € 6,50 (4 stiks yn in pûde) Graach wolle wy tagelyk mei de bestelling ôfrekkenje. De besoarging is op âldjiersdei. De opbringst is dit jier foar Doarpsbelang Reduzum. It jild wurdt stutsen yn de oanskaf fan de defibrilators. Mochten jo op de dei fan de bestelling net thús wêze dan kinne jo ûndersteand briefke mei it jild foar 27 desimber ynleverje by: Geeske Smorenburg (Haedstrjitte 53, Reduzum) Atsje Wester (Friesmawei 5, Idaerd) Sita Fennema (Van Sytzamawei 14, Friens) Bestillist oaljebollen Namme: Adres: Oaljebollen: pûden Krintebollen: pûden Appelbollen: pûden Ik betelje €