Oaljebollen ferkeap
De oaljebolleferkeap wurdt dit jier organisearre troch Doarpsbelang yn gearwurking mei de Gymnastykferiening. Tusken de kryst en âldjiersdei komme de ferkeapers wer by de doarren langs. De opbringst giet nei de Gymnastykferiening om’t dizze feriening it jild goed brûke kin. We hoopje dan ek wer dat it aardich wat opsmyt.