Oant 100 telle…

Neat wie spannender en heimsinniger as de waarme simmerjûnen. Nei iten bûtendoar boartsje yn ‘e buorren oant de klok fan de tsjerketoer mei droanjende slaggen oan­joech dat it acht oere wie. En net in tel letter thúskomme! Ien, twa, trije…