OEDS de “LEGACY”
Tsjintwurdich stean de kranten fol fan “de legacy” fan it “Kulturele-Haadstêd-2018 wêzen”. It klinkt aardich djoer, mar it betsjut net mear as “dat wat der fan oerbliuwt.” Wat ha we oerhâlden oan it kulturele barren yn 2018? Fansels in prachtich oantinken oan de lange, waarme simmer. Oan de ynset fan safolle minksen. Oan it mei elkoar dwaan. En oan it grutte súkses dat we mei elkoar hân ha. Dat kin nimmen ús wer ôfnimme. Mar der is mear.