Weromblik

Alde foto’s út it ferline. Hawwe jimme noch âlde foto’s of dia’s bring se dan nei it doarpsargyf.
Wolle jim mear witte oer ús doarpsargyf. Nim dan kontakt op mei Doarpsargyf.reduzum@gmail.com.

Reagearje op foto’s kin: redactie@reduzum.com






Master Piter of Henkplein

It master Piterplein wurd de kommende tiid oanpakt.
It hie net safolle skeelt of it plein wie it master Henkplein neamd.
Yn in bokswedstriid wie de winner Piter Renia en net Henk Korf. Of wie it dochs oars?
Yn elts gefal, wa wiene de taskôgers by dizze “epische” striid?


Tegelfrij Piterplein

De kommende wiken wurd it master Piterplein foar in grut part tegelfrij makke.
Understeande noch in foto mei in (tegel)fol skoalplein.
Wa kin dizze persoanen noch?


september 2024
Merkespultsjes

De merke is wer foarbei. Wy kinne weromsjen op in moaie merke mei moai waar.
Ek in oantal jierren ferline wie it moai waar, sa as te sjen op de foto.
Wa kin dizze sportive merkefierders noch?


Jan Jellema, Pier Riemersma, lytse Pier, dan frou Jellema en rjochts de frou fan Pier, Aaltsje. Pier en Aaltsje wennen yn it destiids wite hûs oan’e Haven, it lêste hûs fan’e bebouwing. 


Yn de kring

As je de dei beginne, starte je faaks mei in gearkomste om it lêste nijs troch te nimmen. Op skoalle wie der it “kringgesprek” en op it wurk de kofje automaat of de skaftkeet.

Wa kin dizze jongelju noch?


Wa wie it earst derôf?
Yn it aaisyk seizoen wienne de manlju moarnsier it lân yn. Mar wa wie der it earst fan bed?
Wy tinke de froulju.
Wa kin dizze moarnsiere froulju noch?


Tintefeest

It is wer tiid foar tintefeesten. Ek yn Reduzum, Friens en Idaerd binne meardere tintefeesten west. Op ûndersteande foto waard er drok meisjongt. Wa kin dizze tintesjongers noch?


Monumintklimmers

Op de Trije romers stiet it monumint fan de FRS. Je kinne der net allinich nei sjen, mar ek op klimme.
Wa kin dizze monumintklimmers noch?


De earste keatswedstriiden binne wer efter ús. At it moai waar is kinne je der hearlik fan geneitsje. At der mar gjin spul om it spul boardsje komt.
Wa kin dizze keatsfans noch?


Yn it begin of op it ein fan it skoallejier kaam faak de skoallefotograaf foarby. Je koenne dan mei de hiele klasse op de foto. Wa kin dizze bern noch?


Bûten op it bankje

Mei it moaie waar, fan ferline wyke, kin je hearlik nei bûten. Wat is it dan lekker om op in bankje elkoar te moetsjen en by te praten.
Wa kin dizze persoanen noch?


Fan links nei rjochts:

Louise Hak (“Poppie”), Sjirk de Groot, Tsjerk Nijdam, Hinke van der Haak, Jan Otter(?), Tineke Snijder, Froukje Huitema, Griet Huistra, Homme Mulder, Sus Reitsma en ûnbekend. Links njonken Hinke van der Haak, Geeske de Groot?


Fak(folje) froulju.
Doe Reduzum noch in supermerk hie, moast de winkel op fêste tiden foarsjen wurde fan nije produkten. Lokkich wiene der wat froulju dy’t graach meiholpen yn de winkel.
Wa kin dizze fak(folje) froulju noch?


Kroadehingje

It wurd wer tiid om yn de tún oan de slach te gean. Nije plantsjes deryn, deade blêden opromje ensa.

Nei al dat wurk kin je hearlik yn de kroade hingje. Wa kin dizze jonge dames noch?


“Daar bij de waterkant”

It duorret noch efkes en dan is it wer maitiid. Tiid om nei búten te gean. De minsken op de foto hawwe der, yn elts gefal, sin oan.

Kinne jimme se noch?


Extinction Reduzum?

By inkele foto’s freegje je wolris ôf, wat doggge dizze minsken hjirre?

Binne dit “trainspotters” of hearre se by in aksjegroep?

Wa kin dizze rebellen noch?


Op wei nei Ahoy.

Kommend wykein is de kuorbalfinale yn Ahoy. As kuorballer is dat de jierlikse topwedstriid. De jonges en famkes op de foto binne der, sa te sjen, klear foar.

vlnr: Hans Brinksma, Germ Zijlstra, Bonne Hylkema, Gosse Bloem, Ant Vollema
Op hurken: Rixt Vollema, Jitske Postma, Antsje Engelsma, Gelske van Essen


Musical De Greidhof

Yn Ljouwert kinne jimme noch gean nei musical De Tocht. Yn it ferline koene jimme ek nei musical De Greidhof yn Reduzum. Beide foarstellings lûke/lutsen in protte folk.

Kunne jimme dizze jonge besikers noch?


Yn ús doarpen meie se graach sjonge. Sawol yn bands as yn koaren wurd de heechste noat helle. It koar op de foto helle dizze noat net altiid, mar helle wol de lûdste. Wa kin dizze dizze roppers en razers noch?


Wat in teäter

Nei Idaerd is kommende wike Friens oan bar mei mei harren teäterstik en dernei Roto út Reduzum. Wy binne benijd wat foar stik der spille wurd en hoopje op in folle seal.
Kinne jimme de taskôger op ûndersteande foto noch?


Vriendenkring Idaerd

Sittend f.l.n.r: Marten Brouwer, Mintsje Kooistra, Albert Hofstra, Hinke Bergsma, Ale van der Sluis, Trynke Otter, Sjouke de Boer.
2e rige f.l.n.r: Hoite Nijdam, Sijke de Groot, Jentsje Sytema, Tiete de Raardt, Jan Engelsma, Antsje Sytema
3e rige f.l.n.r: Jan Tilma, Douwe Jansma, Klaas van Dellen, Lieuwe Tilma, Anne Brouwer, Pieter Rodenburg


IIsbaanomropper

Soe we dizze winter wer op de iisbaan ride kinne? Op de foto sit Albert Hofstra al klear as…. iisbaanomropper of “zendamateur” yn de iisbaantinte. Wat binne moaiste oantinkens oan de iisbaan?


Bôlerôvers

Yn 1979 lei der wat mear snie as no.
Ek kaam der meardere auto’s fêst te sitten, sa ek in bôle frachtwein.
Robin Hood’s út ús doarpen hawwe dizze frachtwein leech helle.
Wat witte jimme noch fan de winter fan 1979?


Tinus tussengas

It buske hat al hiel wat sjauffeurs hân, der wiene sels dy’t der in bynamme foar krigen. Krekt sa as ûndersteand persoan. Wa kin dizze persoan en de bern noch?


Krystmiel

Witte jimme al wat te iten mei kryst? De mannen op de foto binne der yn elts gefal klear foar. Mei in drankje yn de hân, liket it wol dat sy ús goede krystdagen tawinskje.
Kinne jimme se noch?


Wa kin dizze boatsjefarders noch?


Sokkebal.
Wa kin us hjir mear oer fertelle…..

redactie@reduzum.com


“Wie zoet is krijgt lekkers, wie stout is de roe.”

Sa te sjen binne de jongens op de foto, net bang foar wat se it lêste jier útfretten hawwe.
Wa kin se noch?


De mannen fan Moarns ier. Wa kin se noch


Gymnastyk feriening Stânfries die, sa no en dan, mei oan ûnderlinge wedstriden. Faaks wy dat ek in sportive (wed)striid mei dy sels. Wa kin se noch?


Dizze persoanen genietsje fan in lekker neigesetsje of samar fan in beker iis.
Wa kin dizze minsken noch.


Op de telefyzje binne in protte programma’s oer itensiede, wer se allegearre lekkere dingen meitsje. Wy binne benijd wer dizze froulju mei dwaande binne. Wa kin dizze masterchefs?


Versmarkt

Ofrûne freed wie de lêste Versmarkt fan it jier.

Dizze merk lûkt altiid in protte minsken.

Soenne ûndersteande persoanen der ek west hawwe?

Wie kent se noch?


De kaartclub

At de dagen wer koarter wurde, beginne de kaartclubs wer. Sawol yn Friens, Idaerd as Reduzum kinne je in kaartsje lizze. De mannen op ûndersteande foto wachtsje yn spanning ôf op de beslissende slach.

Wa kin se noch?


In pear wiken ferline kriigen wy it berjocht dat Lippie Sixma ferstoarn wie. Lippie hat jieren lang mei har man Reinder en soan Sipke de slagerswinkel beheart.

Hawwe jimme ek noch oantinkens oan slagerij Sixma?


RK (Redúster Kampioenskip) wielrennen

Fan it wykein wie it EK wielrennen yn Drinte. Eartiids wy der ek in wedstriid op de fiets yn Reduzum mei de start en finish op de Haedstrjitte.

Dizze kear 2 foto’s: fan de wedstriid en it publyk. Kinne jimme dizze persoanen noch?


Sa’n 2 wiken nei de merke kamen faaks de merkefoto’s yn de etalage. Dizze waarden makke troch in echte merkefotograaf en koenne je dan keapje.

De jongeren op ûndersteande foto hienne in goede merke hân sa te sjen.

Kinne jimme se noch en ha jimme sels ek noch fan dy moaie merkefoto’s?


De merke sit der wer op.

En wat foar merke. It is moai om te sjen dat de ynwenners fan ús doarpen it feest makke hawwe sa as it wie.
Derom in grut applaus foar eltsenien, ek fan dizze minsken fan eartiids.
Kinne jimme dizze persoanen noch?


Folksfermaak

By de seiskamp spultsjes, sjoch foarige foto kaam ek altiid in soad publyk. “Rijendik” steanne se op ûndersteande foto it folksfermaak oan te sjen.


Eartiids wy der op it sportfjild in “zeskamp”. Op de foto ien fan de ûnderdielen en sa te sjen ek hichtepunten.
Kinne jimme dizze persoanen en wa wit wat foar ûnderdiel dit wie?


It fjildseizoen is wer los foar de kuorballers. Al wer inkele jierren lyn binne Reduzum en Grou ien ferieniging wurden en spylje no ûnder de namme k.v. Mid Fryslân. Stânfries wie de namme fan it Redúster kuorbalteam en spile oan de Stânfriesstrjitte.
De jonges en famkes op de foto hawwe der, yn elts gefal, in protte nocht oan.
Kinne jimme dizze sporters?


Ea wienne se it jongste horekapear fan Fryslân en no steanne se al wer jierren efter de tap yn Reduzum.


oan tafel: Homme Mulder, mei wyt fest, Hinke van der Haak en rjochts Geeske de Groot (tsjintwurdich Smorenburg). Op’e eftergrûn sjocht Sia Odinga nei de fotograaf.


Seiskamp foar strjitten, (5 maaifiering?) F.l.n.r. Hedzer de Haan, Gosse de Haan, Jan Lantinga, Harke van der Wal, Marjan Coenen, Riekje korf, Sharada korf, Nynke Boersma, Geart Spykstra en Henk Korf.


Merkespultsjes:

Wa kin dizze “wielercoureur” en har fans?


Wa stean der op dizze foto?

Boppeste rige: Theunis Hoekstra ,Kees Sjonger,Brugt Bijker, Bennie Sjonger, Loeki Kooistra, Piet Sjonger, Sake Sjonger

Foaroan: Wiebe Bijker, Jaap Tichgelaar, Rinze Velstra, Hans Bottema , Wim Ypma,


Wa hat de grutste kegel?

Yn de sportkantine dogge dizze mannen mei oan in sigarenwedstriid. De winner mei de grutste askegel soe de wedstriid wûn ha.

vlnr: Klaas de Jong, Gabe Hilaridus, Titus Yntema


Dizze foto is út it begjin fan’e jierren sechtich. It famke links foaroan, mei de gele blokfluit, is Tineke Snijder, se wenne yn’e Master Gorterstjitte. Fan’e trije dêrachter liket my it famke mei de lange wite jurk en de reade sjerp Gepke Hofstra. De lange man efter harren, mei swarte bril, is Kees Dekker. De man rjochts, mei de giele jas,  Auke Huistra, op ponny Egge. It jonkje mei de F op in buordsje liket Jan Otter wol.


Tusken de Popla en de Biotex.

In sommige grutte supermerken ha je tsjinwurdich ek in “coffeecorner”. Op ûndersteande foto, yn de eardere SRV winkel, sitte de froulje frou Bosma en frou v.d Haak ek oan in bakje.


Iepenbier ferfier

Eartiids koe men yn Reduzum op de trein stappe nei Ljouwert of de rest fan de wrâld. Tsjintwurdich wurde de buslinen ynperkt. Wie it eartiids echt better?

Op de foto de stationshaad. Mar der stiet ek noch in persoan op de foto. Sjogge jimme har?


Doe’t yn 1934 (wet Marchant) de skoallen fan Friens en Idaerd opdûkt waarden moasten de doarpen harren sels mar rêde. Mei tuskenskoften ried der in buske of auto’s. De doarpen regelen it yn earsten sels, sûnt de fyftiger jierren fan de foarige iuw lûke se tegearre op. Dizze foto fan Taxi Denzo (dag en nacht, zondags ook) hat de bern in skoftke ride


Idaerd is net samar fan de kaart!

Wa kin se noch?


Yn dizze tiid hearre wy in protte minsken roppen en razen. Gelokkich hawwe wy ús eigen moraalridder. Sjogge jimme wa hjir op stean?


Oer in pear wike start de earste toanielfoarstelling yn ien fan ús trije doarpen. Jieren ferline (1979) hienne dizze minsken in protte sukses. Wa kin se noch?
Steande flnr Koos Wieling, Wytse Jorna, Jan Bottema, Corrie Tjepkema, Liuwe van der Meer, Johannes Terpstra en Germ van Essen. Sittend, mei de akkordeon Griet Zylstra, Zus Reitsma, Afke van Gorkum en Margo Bleyswijk.


Mei it nije jier binne der ek goede bedoelingen. De twa fytsfanaten, op de foto, binne der klear foar. Wit net at de persoan/man links ek sa sportief is. Sjochsto wa’t dit binne?
Vl.nr: Sanne Haga, Liuwe Tilma, Henk Korf, Koos Wieling


Yn it argyf kamen wy dizze foto tsjin. It is de eardere Spar oan’e Ayttawei.

?, Baukje Tuinstra, Koos Wieling, Jan Otter


Merkespultsjes
Steand : Alie van Essen, Hendrik Hazenberg, Pietie de Vries, Dorethea Zijlstra, Alle Jan Gaatze Postma
Under: Sipke Sixma, Jenky van Essen, Jannet Wijnstra, Giaccomo de Borst


It Nerderlânsk fuotbalteam is ferline wike nei hûs ta gean. Mar wie it oranjeteam op de foto net folle better? Wie herkent dizze minsken noch?

Steand: Anita Terpstra, Arie Broekstra, Anne Hiemstra, Wilco de Boer, Coby Hiemstra
Foar: Hilde Bleijswijk, Leoni Hazenberg, Sjoerd de Boer, Fenna Bakker


 

In muzikale weromblik:
Yn it argyf kamen wy dit trio tsjin. Mar wat wie de namme fan dizze band?
Op de foto stean Gabe Smit, Jelle Wiersma en Chris Lantinga.


Op dizze foto stean fjouwer jonkjes dy’t in patatsje ite yn de kafetaria fan Uilke Tolsma. Dizze stie eartiids oan de Haedstrjitte 20. Fan links nei rjochts: Klaas Visser, Sjouke Zijlstra, Homme Mulder en Ale Visser.


1979-1980 Master Henk Korf
vlnr bovenste rij: Bert Weitenberg, Hester Renia, Hans v/d Leest, Piet Posthumus, Sipke Sixma, Hilly Schuurmans, Antsje Engelsma, Wikje Engelsma
3e rij: Carla?, Jaring Jan Boersma, Janet Lantinga, Sjonnnie Bleeker, Jeroen v/d Let, Wander Bergsma, Karin?
2e rij: Pamela Clauglin, Irene Steensma, Jante van Gorkum, Sieds Tolsma, ?, Richard v/d Bogert, Ant Bottema
voor: ?, Jaap Vis, Lolke KLeefstra, ?, Sietse Tjalma


1978-1979 master Koos Wieling
boveste rij: Allard van der Meer, Wander Bergsma, Hans van der Leest, Lolke Kleefstra, Sietse Tjalma, Bert Weitenberg, Peter Bokma, Nienke de Vries, Sipke Sixma, Hendrik Zijlstra, Piet Posthumus, Hillie Schuurman, Richard van den Bogert, Izaak de Haan
2e rij vlnr: Jan Velstra, Reinder Sjonger, Freerk de Boer, Jaring Jan Boersma, Peter Tolsma,Wikje Engelsma, Antsje Engelsma
Voorste rij vlnr: Jaap Vis, Karin/Wietske ……., Erna Hofstra, Robin Steensma, Hendrika Boonstra, Neeltje Hofstra