11 novimber is de dei…

11 novimber is it Rôt reugeltsje en de bern meitsje hjirfoar alwer prachtige lampionnen. Der komt gjin optocht, mar fansels hoopje we dat de bern nettsjinsteande de Corona-maatregels wol wolkom binne. Jo kinne dit sjen litte troch in ljocht by de doar of foar it rút te setten. Jo kinne ek de Redúster flagge úthingje as teken dat de bern wolkom binne om de bel te lieden.