Sinteklaasyntocht
Sinterklaas hat kontakt mei ús opnaam (aktiviteitekommisje), en oanjûn dat er dit jier fanwegen de nije maatregels net mei de boat oankomme sil. Hy hat ús frege at we ek in rûte foar him útstippelje kinne troch it doarp.
Sinterklaas en syn 6 Piten sille starte om 10:30 oere en makket dan in slach troch it doarp. In pear Piten geane, mei lûd foarop. Men heart se fan fierren oankommen, sa kin jimme de Sint net misse !

Der is dit kear spitich genôch gjin ferkeap fan banketstaven.
Hy soe it fantastysk fine as jim allegear de flagge útstekke en at de bern yn’e tún of op stoepe stean sadat hy en syn Piten se op dizze wize begroetsje kin.
Fierders makket ek Sinterklaas him soargen oer it firus. Hy hat by ús oanjûn dat hysels en ek de Piten in test dwaan sille………..
Foar de grutte bern ( groep 6 oan’t 8) is der in speurtocht. Mar miskien fine jongere bern it ek wol aardich om mei harren âlden te dwaan (as oarsom 😉)
Se krije freed in antwurdformulier fan skoalle mei. Se kinne briefkes op de ruten fan sommige huzen fine.
De sûkeladeletters sille moandei op skoalle útdield wurde.