Sneupe yn’t argyf
De r is wer yn de moanne. Dêrom sil de argyfgroep wer los mei it op oarder bringe fan alderhande wichtige saken dy’t in plakje krije moatte yn it doarpsargyf.
Dit bart woansdeitejûns yn skoalle fan 7 oant healwei njoggenen, sa fier’t dat mooglik is op de even wiken. De earste kear is yn wike 42, dat is dan 19 oktober. Dêrnei yn wike 44 op 2 novimber, wike 46 op 16 novimber ensafierder. Wat der by wêze wol of gewoan ris lâns komme wol: graach !