FK einekoerflechtsjen

Sneon 17 september wie it 1ste kampioenskip einekoerflechtsjen.
It wie in prachtige dei, organisearre trôch Iel en Mear en De Strampel, de Fryske feriening fan einekoerflechters.

Dit earste Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen waard wûn troch Lolke van der Meer. Hy krige út hannen fan sjuerylid Fokelien van der Meulen de moaie bokaal útrikt. De koer fan Lolke waard ek troch it publyk keazen ta moaiste koer. In dûbeld súkses dus fan dizze flechter út Wergea.
Der wie in oanmoedigingspriis foar de 13e jierige Ate Kaastra út Mantgum. Hij leert sûnt dizze simmer it einekoerflechtsjen fan syn omke Willy Bergsma.