Nijbou foar de fûgels
Guus Terpstra, Fedde Boonstra, Hindrik de Boer, Harry Posthumus, Klaas Hijlkema en Taco Velstra ha drok yn aksje west mei it meitsjen fan nije wenten foar de fûgels. Meikoarten kinne yn dizze wennings koolmeeskes, pimpelmeeskes en ringmussen terjocht. Fansels binne de lijsters ek wolkom. Foar de beamklever en de beamkrûper wurde in oar model makke.