Wat docht de thúsbliuwer?
Net elkenien giet dizze simmer op fakânsje. Ek yn ús eigen omjouwing is in soad te sjen en te belibjen. Sa fart Alfred Tanahatoe gauris mei syn boat it Redúster ‘seegat’ út om yn de wetters rûnom ús doarp te fiskjen. Om dan somtiden thús te kommen mei in fisk of moaie ferhalen.