Wat wolst hearre? Do bist baas!

Sportyf meiwaan oan volleybal as sachte-bal-keatsen? Of leaver mei in drankje yn de hân lústerje nei Lots of Beer en FAAM.? It kin allegear, nije wike op it Fe*stipe*val. Yn ruil foar in donaasje kinst ek dyn favorite muzyk oanfreegje by it STIPE-hûs. Krekt wat! Foar de gesellige en lekkere doarpslunch op sneon binne noch in pear tafels frij. Jou dy gau op fia tjitskeroorda@gmail.com