Yntocht Sinteklaas
Ek dit jier docht Sinteklaas mei syn piten Reduzum wer oan. Sneontemoarn 29 novimber om healwei alven ferwachtet de Sint wer dat er kloften minsken by de nije haven fan it Swinlân stean. Nei in rûnrit troch it doarp is der op ’e boppeseal fan de famylje Van Dijk wer in programke foar de bern fan ’e pjutteklas en de basisskoalle. Banketstaven Op freed 28 novimber jûns fan 18.30 oere ôf komt de aktiviteitekommisje lâns de doarren mei staven. Fan de opbringst wurdt de yntocht betelle.