Linepraatsjes

Goed gebruik kunstgrasveld

20 augustus 2015
Het kunstgras op het sportveld heeft een korte vezel lengte en is ingestrooid met zand. Hierdoor mag er niet op gevoetbald worden. Het onderhoud van het kunstgras wordt uitgevoerd door B.V Sport. De sportstichting is door de B.V. Sport duidelijk gemaakt wanneer er wel op wordt gevoetbald, zal de eventuele schade worden verhaald op de sportstichting. Bovendien moet er geschikt kunstgrasveld schoeisel worden gebruikt.

Led ferljochting op sportfjild

19 augustus 2015
'Als eerste voetbalstadion in Nederland krijgt het Philips Stadion led-sportveldverlichting , dat voldoet aan de strengste eisen van internationale televisiezenders en sportfederaties. Fansels is Reduzum gjin Eindhoven, en ús sportfjild is gjin PSV-stadion. Ek dogge Electra Reduzum en Hiemstra Installatie Techniek dizze put mei in stik minder minsken as it grutte Philips. Mar we kinne der wol grutsk op wêze dat we foaroan stean mei de tapassing fan duorsume technieken.

Muzikaal tsjerkepaad

18 augustus 2015
Op 22 augustus o.s. sille Leida van der Heide (fioele), Greeult Egbers (blokfluit) en Jan van der Meer (continuo oargel) en soan fan master tidens Tsjerkepaed spylje. Sy binne lid fan in groepke muzykleafhawwers dy't yn wikseljende gearstalling mei inoar muzyk meitsje De tsjerken binne fan 13.30 -17.00 oere iepen en hja spylje triosonates fan komponisten út de baroktiid yn alle trije tsjerken. Om te begjinnen yn Idaerd, dan Reduzum en se einigje yn Friens.

Hulp by bernespultsjes

17 augustus 2015
Wa kin helpe by de merkespultsjes foar de bern? Der binne in oantal oproppen west foar help by de merkespultjes. Spitich genôch ha net in protte heiten en memmen, pakes en beppes of oaren harren opjoen om te helpen. De feestmiddei foar de bern, op sneon 5 septimber (12.45-15.00) komt sa net rûn. De bern fan groep 1-3 dogge spultjes rûnom de skoalle. De bern fan groep 4-8 geane troch it doarp.

Electra Pearkekeatsen

17 augustus 2015
23 augustus is om 11.00 (miskien in oere earder i.f.m in protte dielname) it Electra Reduzum. pearkekeatsen. Dit bart op de Haedstrjitte en Haven. Opjaan bij Janna Bokma till,06-12091039 of maile nei bokmajanna@gmail.com foar 20 augustus 19.00 oere. Oant snein!

Nei de fakânsje party

16 augustus 2015
Allegear moaie fakânsje hân? La Gardenia, Tuinesie as wie jim bestimming earne oars yn Verwegistan? Mei leuke aktiviteiten foar jong en âld koe sneontejûn elk op de 'Nei de fakânsje party' byprate.

De skoalle begjint wer

16 augustus 2015
De knyntsje dagen binne wer om. Tiid om de tried fan it deistige libben wer op te pakken. In soad minsken binne al wer oan't wurk en moarn begjinne ek de skoallen wer. In protte drokte dus wer op 'e dyk. Tinke jim wol in bytsje om elkoar as jim ûnderweis binne?

Fedde Ids

15 augustus 2015
Us leafde libbet no ek yn dy. Libje dyn libben yn leafde eltse dei op 'e nij.

Stand Up Paddling

14 augustus 2015
Sneon, tidens de na-de-fakânsje-party, is der in mooglikheid om kennis te meitsjen mei it SUPpen. Dit duorret in oerke, van 7-8, as fan 8-9. Der binne noch in pear plakjes frij. Omdat der ek belangstelling is fan bern út groep 7 en 8 hat de aktiviteitenkommisje besletten dat sy harren ek opjaen kinne. It opjaen(foar eltsenien) kin by sanne_bijl@hotmail.com.

Project kerstconcert Sjongnocht

13 augustus 2015
Op zondag 20 december verzorgt Sjongnocht in de kerk van Reduzum een kerstconcert. Iedereen die graag zingt kan met dit eenmalig project meedoen. De repetities beginnen as maandagavond 17 augustus van 19.45 tot 22.00 uur in het lokaal aan Ayttawei achter de kerk. Wil je meedoen of informatie over dit project, neem dan contact op met Tolke Ruwette, telefoon: 06-18454756 Sjongnocht vraagt een kleine bijdrage van 20 euro voor de extra kosten.



Zo. 3 mei

Ma. 4 mei

Wo. 6 mei

Zo. 10 mei


Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie