Linepraatsjes

Dûnsjend troch de simmer

5 augustus 2015
De Braziliaanske Suzana Gomes hat it ôfrûne wykein 20 dames flink oan it wurk setten! Fan út alle hoeken fan it lân kamen de dielnimmers nei de dûnsworkshop organisearre troch Ymkje Bouma. Entûsjasme wiene se ek oer de lokaasje en foaral oer de catering. De lekkere lunch fan Lambertus Zijlstra smakke sa best, dat de froulju meikoarten ek in kookworkshop ha wolle. Nei de fakânsje komt Suzana wer ris del, dan kin elk wer mei dûnsjen, ek de mannen.

De freule yn Wommels

4 augustus 2015
Moarn sille Markus Heeringa, Bouke Andries Boersma en Jeen Brinksma foar keatsferiening Jan Reitsma mei dwaan oan de freulepartij. De Freule yn Wommels is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oan't 16 jier. In soad sukses tawinske.

Klussendienst

3 augustus 2015
Heeft u hulp nodig bij het op hangen van een schilderij, of misschien bij het invullen van en formulier. Dan kan er een beroep worden gedaan op de vrijwillige klussendienst. Met klussen bedoelen we allerlei karweitjes die uitgevoerd moeten worden, die u zelf niet goed of helemaal niet meer kunt. De klussen worden uitgevoerd door jongeren en ouderen. Hiervoor kunt u contact opnemen met één van de werkgroep Wolwêzen.

Prikboerd

2 augustus 2015
Leit der by jim guod yn'e kast wat op syk is nei in nije eigner? Boeken, boartersguod as in fyts. As hawwe jim ferlet fan immen dy't op de katten en de blommen past mei de fakânsje. Pleats dan in oprop op it prikboerd.

Iepen frysk kampioenskip Skutsjesilen

1 augustus 2015
Skutsje de Jonge Rein is hjoed yn Hylpen op de earste dei fan de IFKS goed útein set. Skipper Erik Jonker sylt mei de Jonge Rein yn de B-klasse. Hjir is hy hjoed as earste eindige. Moandei is de silerij yn Starum.

Skouderklopke

31 juli 2015
Elts fertsjinnet wolris in skouderklopke, al is it mar mei in fingertopke. Minsken mei hert foar har omjouwing binne belangryk foar de leefberens fan it doarp en de ferieningen. It liket soms sa gewoan wat se dogge, mar sûnder har kinne we net. Wa moatte we neffens jo ris troch dizze rubryk yn it sintsje sette?

Winkelje Krekt op maat

30 juli 2015
De winkels binne ticht, mar dochs kinne je lekker op 'e strún yn de winkel fan Krekt op Maat. Sûnt koart hawwe se in webwinkel. Fan út je luie stoel kinne je noflik yn de online etalaazje sjen, keapje en ôfrekkenje. Maklik dus foar as't ris in kear net safolle tiid hast. Sille we efkes in slach troch de winkel!

Gespot!

29 juli 2015
De tsjerken en tuorren steane aardich yn de belangstelling as ûnderdiel fan it Fryske lânskip. Reduzum, Friens, Eagum en Idaerd binne dêr in diel fan en wolle dat ek wol sjen litte. Mei help fan mear as 30 doarpsgenoaten binne ús tsjerken en de toer fan Eagum dêrom dizze simmer iepen op sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere. Ek foar eigen ynwenners in moaie gelegenheid om de quilt wurkstikken fan in tal froulju te besjen.

162 ste PC

28 juli 2015
Moarn is yn Frentsjer de PC, de wichtichste manlju haadklasse keatspartij. We winskje âld Redúster Alle Jan Anema mei syn keatsmaten in soad sukses. Ek Peter Tolsma docht mei. As coach fan partoer van der Bos (Team Puur passie) hat er hjir in wichtige rol. Dat de bêste mar winne mei.

Oud papier

27 juli 2015
Wilt u, als woensdag het oud papierwordt opgehaald, er om denken dat: - de bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg. - Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken. - Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit. Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.



Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie