Linepraatsjes

Stemmen Rabo ClubSupport

1 september 2025

Rabobankleden kunnen van 1 tot 23 september weer een stem uitbrengen op hun favoriete club of vereniging. Theatergroep FIER, Plaatselijk belang Friens, volleybalvereniging Stânfries, Linepraat, keatsferiening Jan Reitsma, Roto, Muzuder, tennisvereniging Stânfries en korfbalvereniging Mid-Fryslân zijn een paar van de deelnemers. Heb je een betaalrekening bij de Rabobank, dan kun je via de website van de bank direct stemmen. Als coöperatie geeft Rabobank jaarlijks een deel van de winst terug aan de maatschappij.

Kemping Friens

31 augustus 2025

Nei njoggen jier wie it juster foar de tredde kear wer safier. De kemping wie fan 16.00 oere ôf op ’e nij iepen foar alle bewenners fan Friens. Tinten, sleurhutten, buskes, hynstetrailers as in boat. Alles waard fan stâl helle om yn te sliepen. Dizze jûn waard der úteinsetten mei in hearlike BBQ. Gesellich byprate mei elkoar en der stie ek in Sweedsk rinspultsje op it programma. Mei in gesellich kampfjoer sieten de minsken oant yn de lette oerkes bûten. Nei noch in moarnsbrochje mei syn allen koe elkenien wer op hûs oan. De kemping giet wer foar in oantal jierren ticht.

Rûzige aaismiterij

31 augustus 2025

In spektakelstik foar dielnimmers en publyk, elts jier opnij. Mei in soad oe, ah, oh……….seagen je aaien dy't it paad kwyt rekken. Yn beammen, daksgoaten of op 'e dyk.
Mar der waard ek perfekt goaid en fongen. Yn de kategory bern wiene it Marrit en Feije en Wisse en Redmer dy't beide 15 meter smieten.
By de âlder-bern wiene Hedzer Fennema en Fenna-Geartsje mei 17,5 meter de bêsten. Foar Hans Krabbendam en Gertjan Leemburg wie 40 meter de winnende ôfstân.

Ut fytsen

30 augustus 2025

Sit der al wer genôch lucht yn de bannen? Woansdei trije septimber kinne we der wer mei de fyts op út. De start is om 13.30 oere by it kafee. De ôfstannen binne op sa’n middei ûngefear 35 oant 45 kilometer en de groep stekt fansels ûnderweis ek efkes oan.
Opjaan yn ’t foar is net nedich, elts dy’t graach fytse mei, is wolkom!!!!

Op Stâl Deco is te plak

29 augustus 2025

Nei wiken fan tarieding wie dan justerjûn de grutte iepening foar minsken dy't útnûge wiene. Mar fan hjoed ôf sit de blommewinkel fan Grietsje van der Heide op in prachtige nije lokaasje oan de Haedstrjitte 46. De winkel is iepen op tongersdeitejûn fan 17.00 oant 20.00 oere, freeds fan 10.00 oant 16.00 oere en op sneon fan 10.00 oant 16.00 oere.
Mar ek bûten iepeningstiden kinst by Grietsje terjochte! Foar mear ynformaasje besjoch de webside en foar it lêste nijs kinst dy oanmelde foar de nijsbrief! Op Stal Deco

Jeugd EK keatsen

28 augustus 2025

Lars Tijssen is selekteare foar it jeugd EK keatsen. De Europeeske jeugdtop sil fan trije oant en mei seis septimber yn it Belgyske Ath tsjinelkoar stride. In soad sukses Lars.

Jeugd EK – België | Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

Oud Hollandse (merke)spelletjes

27 augustus 2025

Zin in een ochtend vol gezelligheid én spelplezier? Kom dan naar de Oudhollandse spelletjes op zaterdag 6 september, van 10.00-12.00 op het merketerrein! De klassiekers komen weer van zolder: van sjoelen tot ringgooien, van spijkerbroek hangen tot koekhappen. Samen gaan we terug naar vroeger.
Ook kinderen die op andere basisschool zitten doen gezellig mee, geef je dus gauw voor 29 augustus op. Merkenijs

Keapje in lot en meitsje kâns op in ballonfeart

26 augustus 2025

Snein 7 septimber komme de 1e klasse manlju en froulju, lykas alle jierren, keatsen op de Merkepartij. Op dizze dei is der ek altyd in ferlotting mei moaie prizen. Yn de lêste wike fan augustus sille de frijwilligers by de doarren del om lotsjes te ferkeapjen yn Reduzum, Friens en Idaerd. Foar € 1 hawwe jo al in lot en foar € 5 krije jo leafst 6 lotten.

Eier gooi-vang wedstrijd

25 augustus 2025

Ben jij klaar om de uitdaging aan te gaan en het record van 50 meter te verbreken? Cafe-bar deWelp organiseert het jaarlijkse eier gooi-vang toernooi.
Er wordt gestreden in drie categorieën: Kind - Kind (t/m groep 8), Ouder - Kind, Volwassenen
Deelname is helemaal gratis! Kom samen met je vrienden, familie en maak er een mooie avond van. En wie weet ga jij naar huis met de titel. Meld je aan via 06 51525180 t/m vrijdag 29 augustus en zorg dat je erbij bent. Mis deze kans niet! Tot dan!

Opjefte Trije Doarpen PC

24 augustus 2025

Snein 31 augustus organisearet Keatsferiening Jan Reitsma de Trije Doarpen PC (AB en Z-klasse) foar de senioaren. Elke (âld)- ynwenner, boppe de 16,  kin meidwaan. Fan topkeatser oant rekreant! Der wurd in 'poule' yndieling makke op basis fan talint, winsk, kinnen, kunde en mjùkse wer nedich.
De start is om 13.00 oere. Eltse dielnimmer nimt sels in priis mei. 
Kinst dy opjaan oant woansdei 27 augustus 20.00 oere by Piet Brouwer 06-15949055
Oant de 31e!




Vr. 3 oktober

Wo. 8 oktober

Di. 14 oktober

Wo. 29 oktober


Uitgelicht


Vrijdag Versmarkt
3 oktober


Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie