Linepraatsjes

Simmerfakânsje

6 juli 2013
Mei in echte skomparty is juster de simmerfakânsje foar de bern fan de basisskoalle is begûn. Nei de 'mearke' spultsjes troch it doarp en lekker mei elkoar pankoek ite gong it skomkanon oan. Wille foar de bern. Moandei 19 augustus is de earste skoaldei.

Trije talige skoalle

5 juli 2013
Juster is mei de bern en âlders op de TDS it 3TS buordsje ûntbleate. Alle bern, fan ôf groep trije, krije alle wiken Frysk, Ingelsk en Nederlânsk yn de les. Sûnt simmer 2012 hat de skoalle it sertifikaat 3 talige skoalle. No it buordsje oan de muorre hinget kin elk fan fierôf sjen dat Reduzum in trijetalige skoalle hat!

Fruit op skoalle

4 juli 2013
As ôfskiedskado, foar har fruchtbere tiid op de Trije Doarpen Skoalle, krige de skoalle fan de bern út groep 8 twa fruitbeammen. Dat skoalle noch mar jierren lang de fruchten fan dizze bern plukke mei...

Skjin de simmer yn mei Qlubb

3 juli 2013
Freed is der fanôf 21.00 in grutte skomfeest yn Qlubb. As klaaitip foar dizze jûn hawwe se graach dat besikers yn strânklean komme. Fansels is droege, waarme klean foar de werom reis in oanbefelling.

Oud papier

2 juli 2013
Wilt u, als woensdag het oud papier wordt opgehaald, er om denken dat: - de bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg. - Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken. - Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit. Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.

Ofskied juf Elske en juf Minke

1 juli 2013
Dit skoaljier nimme twa learkrêften ôfskied fan de Trije doarpen skoalle. Hjoed is der yn de kantine tiid om efkes te fûstkjen mei juf Elske. Woansdei 3 july is der fanôf 11.45 oere gelegenheid om ôfskied te nimmen fan juf Minke.

Tour de Fryslân

1 juli 2013
De Tour de France is wer útein set, trije wike op'e fyts troch in prachtich lân. Der binne yn Reduzum fansels ek fytsers die dat gefoel ûnderfine wolle. De kommende wiken wol Jeljer Zijlstra besykje mei in groepke op tongersdeitejûn ûngefear 50 km te (race) fytse troch Fryslân. Hast ynteresse en wolst mei fytse, kom dan tongersdei te jûn om 18.50 bij de Trije Romers. Foar mear ynformaasje: 06-23183019

In skouderklopke foar warbere minsken

30 juni 2013
Wolle je as bedriuw dat de kachel rikje bliuwt, dat moat je aksje ûndernimme. Mar as je mei-elkoar iets oanpakke slagget dat faaks better. Trôch dit bundeljen fan kreften soargje de bedriuwen yn ús doarpen foar in bûnzjend hert fan Fryslân. Soks fertsjinnet in skouderklopke

Expositie poëzie albums tijdens Tsjerkepaad

30 juni 2013
Van 6 juli tot en met 14 september is het weer Tsjerkepaad. De kerken in Reduzum, Friens en Idaerd zijn die zaterdagen van 13.30-17.00 uur open. In Reduzum is tijdens Tsjerkepaed een expositie van Poëzie albums. Er is een hele verscheidenheid aan albums. Met zelfs exemplaren uit begin vorige eeuw.

Uw tuin tijdens de vakantie

29 juni 2013
Bent u deze zomer op vakantie of voor een bepaalde tijd niet thuis. Neem dan contact op met hoveniersbedrijf T. Velstra 06 180 666 04. Dit hoveniersbedrijf zorgt ervoor dat uw tuin tijdens de vakantie er spic en span bij ligt! Zo kunt u pas echt zorgeloos genieten van uw vakantie.



Vr. 10 oktober

Di. 14 oktober

Wo. 29 oktober

Zo. 2 november


Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie