Linepraatsjes

Priiswinners bedriuwendei

18 juni 2013
Op de bedriuwendei koene je by in oantal bedriuwen in spultsje dwaan. De begraffenisferiening hie in kwiz oer de lêste útspraken fan ferneamd minsken. Hoveniersbedriuw Velstra kaam mei in stik beamstam foar't ljocht der't je de namme en leeftiid fan riede moasten. Foar de winners wie der in E-reader en in appelbeam.

Qlubb nachtkeatsen

17 juni 2013
Oankommende freed, 21 juny, kinne jim allegear meidwaan oan it Qlubb nachtkeatsen. Alteast as jim it foar woansdei 19 juny 20:00 oere trochjouwe oan Riek Blümers, til. 601492 Sjogge we jim op it sportfjild?

Fiskwedstriid op it Swinlân

16 juni 2013
Freed is der by de nije haven op it Swinlân in fiskwedstriid . Wa makket mei syn fangst de langste fisk-sintimeters? De jeugd (oant 14 jier)dy't noch gjin jeugdfergunning hat, kin dy fergees ôfhelje oan de Buorren 4. Folwoeksenen binne sels ferantwurdlik foar in fergunning.

Reek by keninklike besite bedriuwendei

15 juni 2013
In prachtige middei foar ûndernimmers en jong talint. De keninklike besite fan Willem-Alexander en Maxima wie in wier hichtepunt op de bedriuwendei. Mar der wie ek in soad reek by dizze iepening. Wat gjin protest wie. "De kachel moat wol rikje", sa fertelde foarsitter fan de Sakeklub Fetze Tigchelaar.

Lûdsman Jouke lûkt de stekker der út

15 juni 2013
Nei 30 jier stoppet Jouke Hallema as lûds- en technykman. As lyts jonkje fan 11 jier draaide hy al plaatsjes as der in skoalfuif wie. Lêtter waard dat útwreide mei lûd en technyk foar de skoalmusikals en by ROTO. Juster krige er nei ôfrin fan de musikal fan juf Janet as dank in grut bos blommen foar syn wurk.

Peloteurs Reduzum wer los op IFK!

14 juni 2013
Kommende tiisdei 18 juni sil de Pelote ploech fan Reduzum it yn it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote opnimme tsjin ien fan de favoryten Wjelsryp. De wedstriid duorret in oere en begjint om 18:30 oere op it plein fan Easterlittens. Stypje jimme doarpsgenoaten en kom efkes lâns op it smûke plein fan Littens!

Slagge!

13 juni 2013
Juster in domper foar VMBO leerlingen. Troch fraude mei eksamens yn Rotterdam krigen guon har útslach in dei letter. Mar hjoed kin dan dochs de flach út. Ek de VWO leerlingen krije hjoed te hearren at se slagge binne. Elkenien dy't slagge is, fan herte lokwinske.

Er was eens…

12 juni 2013
Sneeuwwitje, Doornroosje, de wolf en de 34 geitjes, allemaal staan ze vrijdagavond op toneel. Alleen alles is anders. Alle groepen van de TDS zijn al druk aan het oefenen. Het spektakel begint om 19.00 bent u van harte welkom in de tent aan de Legedyk. Er zijn zitplaatsen, maar eigen stoel geeft grotere garantie op zitplaats.

All in wellness moment op bedrijvendag

12 juni 2013
Massagepraktijk Shanika, kapsalon Papillot en schoonheidssalon Marbelle verzorgen zaterdag 15 juni een all in wellness moment voor alle bezoekers. Kom gezellig langs en laat je handen masseren, haar knippen en gezicht opmaken. Voor slechts € 25,-- wordt je 45 minuten in de watten gelegd. Tijd: 13.00 uur - 17.00 uur

Keninklike besite talintendei

11 juni 2013
It is hast sa fier! Sneon 15 juny om 12:30 wurdt it keninklik pear ferwachte yn de prinsetún. Dernei folget in rûnrit mei de ‘koets’ troch de haadstrjitte en bangmastrjitte om úteindlik de talintedei te iepenjen op de Terp oan de Legedyk. Op de talintedei is der foar elk wat te rêden. U.o. komt Piter Wilkens te spyljen.



Vr. 10 oktober

Di. 14 oktober

Wo. 29 oktober

Zo. 2 november


Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie