Linepraatsjes

Kollekte Fonds Gehandicaptesport

28 maart 2025
De sportstifting organisearret al jierren de kollekte Fonds GehandicaptenSport. Dit jier komme kollektanten del fan 30 maart oant 5 april. Wisten jim dat de helte fan it jild dat yn ús doarpen ophelle wurd, te goede komt oan foarsjennings foar gehandicapte sporters hjir yn doarp.

Frienzer skutjaskampioenen

28 maart 2025

De Frienzer skutjassers hawwe yn it winterskoft fan 2024-2025 wer striden om de beker. 
Dizze is wûn troch Abe Tjalma. Twadde waard Age Tjalma. 
Yn in lêste alles beslissend potsje hat Rein Fluitman, Anne Okkinga ferslein en sa naaide Rein mei de beker fan de tredde priis út.
By jûn útfûn

Drokte mei de keunstrûte fan de Trije Doarpen Skoalle

27 maart 2025


Troch in part fan it doarp en yn skoalle wiene prachtige keunstwurken en kreaasjes te sjen dêr't de learlingen de ôfrûne wiken oan wurke hawwe. Mei alderhande keunstners, muzyk-, skilder-, drama-,film-, nifel- en boerekeunstners. Mar ek doarpsgenoaten diene mei, mei útstallings fan eigen kreaasjes en muzikale optredens. Rûnom stiene libbene stânbylden, dy't de besikers it paad wiiisden.

Kleurwedstrijd

26 maart 2025

Café Bar De Welp organiseert ook dit jaar weer een leuke kleurwedstrijd! 🎨🐣

Download de kleurplaat, print hem uit en lever hem vóór 18 april in. Je kunt de kleurplaat ook ophalen bij de snackbar. Op 19 april wordt de winnaar bekendgemaakt. Wie weet win jij de grote chocolade paashaas! 🍫🐰

Doe mee en veel kleurplezier!

Priuwerij foar spilers en sjongers

25 maart 2025

Op sneon 5 april, fan 10.00 oant 12.30 oere, fynt by it Friesch Transport Museum (Ayttawei 73, Reduzum) in teatrale priuwerij plak oer De saak De Haan. De priuwerij is foar alle spilers en sjongers dy’t har yntusken oanmeld hawwe. Hast dysels noch net opjûn, mar wolst wol meidwaan, meld dy dan gau oan op info@theatergroepfier.nl. Fan 10.00 oere ôf stiet de kofje klear! Dizze moarn is der útlis oer it stik, de kostúms en de lokaasjes. Mei teäteroefeningen wurde de spilers alfêst meinaam yn it ferhaal en de rollen yn it stik. Koarleden sille dan ek wat lieten heare litte.

Fersmoarging op plein en sportfjild

24 maart 2025

Ien kear yn de moanne organisearret de TDS yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert in opromaksje. Mei dizze aksje hoopje se de bern en doarpsbewenners te stimulearjen om de omjouwing kreas te hâlden.
It is dan ek spitich om te sjen dat troch it ferfelende gedrach fan oaren der yn it wykein op en rûn it sportfjild en skoalplein mei tape der in soad ûnnedige fersmoarging makke is.

Palmpasenstok versieren

23 maart 2025

Zondag 13 april is het Palmpasen. Traditiegetrouw loopt het jeugdkorps Takostu weer voorop in de palmpasenoptocht.

Vrijdag 11 april is er voor de kinderen gelegenheid om samen met de LEVO groep hun palmpasenstok te versieren in het Lokaal, Ayttawei 3 Reduzum. Tussen 14.30 en 16.00 kan je de palmpasenstok versieren Dit kan bij genoeg opgaven. Thuis versieren mag ook (graag voor 28 maart doorgeven aan de TDS). 

Keunstroute – Kom en bewonder!

22 maart 2025
Op donderdag 27 maart, van 16.30 tot 17.30 uur, wordt iedereen van harte uitgenodigd voor de TDS-Keunstroute, de feestelijke afsluiting van de projectmaand ‘Keunst & Kultuer’. Door een deel van het dorp zijn prachtige kunstwerken en creaties te zien waaraan de leerlingen de afgelopen weken hebben gewerkt. De route loopt via de Master Gorterstrjitte, Haedstrjitte, Buorren, Alle Jans Smedingstrjitte en  Ds. Boersstrjitte. U kunt op een straat naar keuze starten. Gewoon vanuit huis of op een plek die u zelf kiest! De leerlingen uit groep 7 en 8 staan klaar om u de weg te wijzen. Mis het niet en wandel gezellig mee langs de kunstwerken en andere creaties van de talentvolle leerlingen. Tot dan!

Ynformative jûn mei Reduzum.com

21 maart 2025
Fanwege it 25-jierrich bestean fan de ynternetgroep hâlde bestjoersfoarsitter Houkje Rijpstra fan Omrop Fryslân woansdeitejûn in presintaasje foar belangstellende doarpsgenoaten. Se fertelde oer de skiednis fan de Omrop. De sniewinter fan 1979 wie in belangrike stap foar de bekendheid fan doetiids Radio Fryslân, dêrfoar wie it sûnt 1946 de RON en de RONO. Letter kamen hjir de telefyzje en noch letter de webside en sosjals by. Fan 1988 ôf waard de namme Omrop Fryslân brûkt. Ferrassend wie dat de ynternetgroep, Reduzum.com, der eartiids al op 'e tiid by wie. Om't de Omrop yn itselde jier start is mei in webside!

MILF is going Down Under

20 maart 2025

It is dit jier net derop mar derûnder! Gean ek Down Under mei MILF op 5 july. Soe Dick Dundy op 'e tiid klear wêze mei de lammerij en it paad nei Reduzum fine kinne?

Home - M.I.L.F.




Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie
Chat openen
Heb je een tip of nieuws? Whatsapp!
Hallo 👋
Kunnen we je helpen?