Versmarkt Reduzum


Elke eerste vrijdag van de maand van 14 -17 uur 
Oan it Swin 9

sakeklub.rfi@gmail.com
Volg ons op Facebook
Instagram: reduzumversmarkt


1 maaie Versmarkt, no wer yn Reduzum

Neidat wy ek dit jier starten binne yn Wytgaard, binne wy 1 maaie werom op it âlde stee. Sa as jim fan ús wend binne is de merk op it pleintsje fan Iel en Mear fan Ale en Marjan de Jager, oan it Swin 9 yn Reduzum en steane fan 14.00 oant 17.30 oere de kreammen wer klear mei alderhande (h)earlike produkten. Wy hoopje fansels op moai maitiidswaar en dat der in protte minsken delkomme, ek om ús moaie, nije griene dakjes op de kreammen te bewûnderjen.

Wat kinne jim dizze kear ferwachtsje?
Ale en Marjan ha fansels de winkel iepen! Harren spesjaliteiten, de rikke salm en iel binne favoryt by in protte minsken. Mar ek de guozzeboarst en de guozzewoarst binne oanrieders, neist oare lekkernijen dy’t Marjan yn de winkel hat.
De froulju fan Frederika komme del mei lekkers foar it wykein. En fansels ha sy de hearlike farske bôle en koeken fan bakker Sybesma út Boksum mei. Miskien in idee om al efkes in bestelling te pleatsen foar memmedei?
Ek komt Lucie, tsiis oan wheels, mei lekkere tsiis, farsk út har auto. Se snijt graach in moai stikje foar jimme, mar krekt hoe grut je it ha wolle.
Dan komt Lucie har man Tiede Dijkstra ek by ús op de merk, mei in útwreiding fan Lucie har nútsjes en in moai woarstoanbod.
Us eigen Redúster Grietje fan Op stâl Deco mei har moaie blommen en oare produkten makket fan de merkkream eltse kear wer in fleurich gehiel.
En Hens fan Aquavino is der fansels by, mei syn hearlike flessen wyn. Ek in leuk idee foar memmedei?
Dick, ús griente- en fruitman, hat spitigernôch oanjûn dat hy stoppet mei de merk. Mar … wat binne wy bliid dat Grietje dit der by dwaan wol. Dat betsjut dat der hearlike griente- en fruittassen te krijen binne op de merk.
Dêrneist komt Jannie dizze kear wer del mei har hearlike Frânske sjippe en …ha wy noch in gast dizze kear.
Nicolette Hallema fan Smûk by Colleke komt del mei moaie kearsen en leuke tegeltjes.

Wy hoopje jimme te sjen op 1 maaie, sa as jim wend binne steane de kofje en de tee klear (en is dit ek noch fergees). 😊

De Versmarkt is eltse kear op de earste freed fan de moanne.
De folgjende data binne: 5 juny, 3 july (simmermerk, fan 17-20 oere) 7 augustus, 4 septimber en 2 oktober (as it waar it talit)

Nijs kinne jim fine yn de LP, op Reduzum.com as op de facebookpagina Versmarkt Reduzum.


Nijs kinne jim fine yn de LP, op Reduzum.com as op de facebookpagina Versmarkt Reduzum.

Hâld Reduzum.com en de socials yn de gaten foar it lêste nijs en moaie aksjes op de merk. Let op, wy ha in nije Facebookpagina: Versmarkt-Reduzum en binne no ek te finen op Instagram.