Wrâldferneamd
Al moannenlang sit Alfred tongerdeitejûns oan ‘e bar op te skeppen wat in fernaam persoan hy wol net is. Doe’t er fan ’t maitiid op Oerol wie seinen minsken him dat der in foto fan him yn ‘e etalaazje fan tabakssaak Sijpie stie yn West-Terschelling. Hy hie der in foto fan makke en jawis, der stie in fotootsje fan Alfred mei sigaar yn ‘e holle tusken allegearre oare promininten mei sigaren: Hitchcock, Marilyn Monroe, Clinton en gean sa mar troch.
No hawwe wy elke twa jier in treffen mei de biljerters fan Skylge, dat fjirtjin dagen lyn stiene wy mei ús allen foar de etalaazje. Hielendal gjin foto’s mear. Yn ferbân mei it antyrookbelied meie sokke plaatsjes met mear yn it iepenbier. Skande want in wie in pracht gesicht, al dy sigaarrokende promininten, tsja…
Maart dit jier hienen wy op tongersdeitejûn in praatsje oer Alfred dy’t dit jier 80 wurde soe en wat presintsje hy ha moast. Nei wat alkohoalyske helpmiddels kamen wy op in moai idee. Wy op ús tillefoan grave oft der ek in plaatsje fan Alfred mei sigaar op stie. De moaiste útsocht en swart-wyt makke, printe en mei in moai listke deromhinne fersierd. Willem syn kunde Gerrit en Geartsje benadere en Sijpie oft it portretsje mei Oerol wol yn ‘e etalaazje mocht. Dat koe en sadwaande barde it ferhaal hjirboppe.
De sneontemoarns mei ús allen op ‘e fyts nei Heartbreak Hotel om in kwiske te spyljen. In heap flauwekulfragen fansels, mar as lêste in hiele drege: wa hat de foto fan Alfred yn ‘e etalaazje makke? Doe kaam de grap út fansels en de âldbaas hielendal ferbouwerearre. Dêrnei werom nei West om te biljerten. Dit wie tige gesellich, sa gesellich dat de skriuwer fan it stikje de ein fan de jûn net helle hat en dêrom der ek neat oer skriuwe kin.
Al mei al in tige slagge wykein belibbe en oer twa jier sjogge wy ris wer.
L.


